Stifting seeskiednis Waad

05 apr 2012 - 08:25

In krekt oprjochte stifting moat de relatyf ûnbekende maritime skiednis fan it Waadgebiet mear foar it fuotljocht bringe. Inisjatyfnimmers fan de Stichting 1666 binne twa ûndersikers fan de maritime skiednis fan it Waad.

Doe't se gegevens sochten foar in boek dat se skriuwe woene, ûntdutsen se yn ferskate argiven in soad ûnbekend materiaal. Se fine dat dat de muoite wurdich is om fierder te ûndersykjen. It giet har dan foaral om argyfmateriaal út de 17e ieu.

Yn 1666 gie troch tadwaan fan de Ingelsken in grutte keapfardijfloat ferlern en waard it doarp West-Skylge ferneatige.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)