Stifting moat sintrum himmelje

20 apr 2006 - 10:36

De hannelferiening H en I Surhústerfean skeakelet stifting Raderwerk yn foar it skjinhâlden fan it winkelsintrum. It giet foarearst om in perioade fan twa moanne.

It skjinmeitsjen fan it sintrum leit gefoelich. Sûnt desimber komt dat foar rekken fan de winkellju om't de hannelsferiening besunigje moat. Yn de praktyk kaam der neat fan telâne. H en I wol no dat ek pleatslik belang en de gemeente Achtkarspelen ta de bûse gean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)