Stifting foar opknappen mûne CHN

13 okt 2005 - 05:52

De CHN yn Ljouwert hat in stifting oprjochte dy't him ynset foar in opknapbeurt foar in âlde oaljemûne op it terrein fan de skoalle.

De skoalle hat de mûne en de grûn der omhinne al kocht, foar útwreidingsplannen yn de takomst. Ien fan de earste dingen dy't barre moat is in sanearing fan it plak dêr't de mûne stiet. Yn it ferline is ek wurke mei syntetyske oalje en dat hat soarge foar fersmoarging.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)