Stifting Doarpsmûne Reduzum praat oer oanskaf nije wynmûne

27 feb 2015 - 21:34
  • Doarpsmûne Reduzum

Stifting Doarpsmûne Reduzum hat freedtejûn praat oer de takomst fan de wynmûne yn it doarp, no't dizze heechnedich oan ferfanging ta is. De mûne is yn 1994 yn it doarp delset en foarsjocht Reduzum, Friens en Idaerd fan enerzjy.

De provinsje kin lykwols noch gjin dúdlikheid jaan oer wat der yn de takomst bart mei doarpswynmûnen op lân, lykas dy yn Reduzum. Provinsjale Steaten hat earder wol in moasje oannaam dat doarpsmûnen ûnder bepaalde betingsten dochs opsteld wurde meie. Hokker betingsten dat krekt binne, is noch hieltyd net dúdlik.

Dochs hat de moasje der ta laat dat ferskate oare doarpen no ek ynteresse hawwe yn it oanskaffen fan in doarpsmûne. Foarsitter Henk Vellinga fan de Stifting Doarpsmûne Reduzum hat regelmjittich oerlis mei provinsje-amtners en hopet dat de nije mûne binnen twa jier draait.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)