Stifting betreurt fertraging

07 jan 2008 - 10:59
  • Abe Bonnema Stifting fynt it spitich dat de nijbou fan it museum fertraging oprint

Sekretaris Addens fan de Abe Bonnema Stifting betreurt de lêste stân fan saken oer de ferhuzing fan it Fries Museum. De stifting moat út de neilittenskip fan arsjitekt Bonnema 18 miljoen euro jaan foar nijbou fan it museum op it Saailân.

Dat Frysk Museum is tydlik út de bouplannen stapt fanwege in probleem mei subsydzjes. Sa lang it plan net definityf skrast wurdt, bliuwt it jild beskikber foar de ferhuzing.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)