Stienzers yn Grins oanriden

15 jun 2011 - 11:55
  • (foto Martin Nuver, 112groningen)

By in ûngelok op de A7 by Grins binne tiisdeitemiddei trije minsken út Stiens ferwûne rekke. It giet om de bestjoerster (45) en twa bern (13 en 16 jier). Se waarden foar it Julianaplein fan achteren oanriden troch in 63-jierrige automobilist út it Frânske Rochefort. Dy seach te let dat it ferkear stilstie.

De brânwacht helle de slachtoffers út de auto. Se binne mei nek- en rêchklachten nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)