Stienzer skopt tsjin auto yn Ljouwert

06 aug 2015 - 12:32

De plysje yn Ljouwert hat woansdeitejûn in 23-jierrige fytser út Stiens oanhâlden. De man skopte by de ferkearsljochten oan it Luchtenrak tsjin de doar fan in auto oan. De bestjoerder gie achter de fytser oan en ried him klem. Dêrby trape de Stienzer nochris tsjin de auto.

Mei help fan de automobilist hat de plysje de fertochte oanhâlden. Hy sit fêst foar fierder ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)