Stienzer oppakt foar ferbean wapenbesit

21 jan 2015 - 14:13

In 30-jierrige man út Stiens is tiisdei oanhâlden foar it besit fan wapens en drugs. In anonime melder hie trochjûn dat de man wapens yn syn besit hawwe soe. Doe't de plysje ûndersyk die yn it hûs fan de man, fûnen se twa nepwapens, twa boksbûgels en twa tasers. Dêrneist waard 300 gram amfetamine oantroffen. De man is foar fierder ûndersyk meinaam nei it plysjeburo.

De twa nepwapens kinne neffens de plysje brûkt wurde om mei te driigjen en binne dêrom ferbean. De wapens en drugs binne yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)