Stienzer oerfaller oppakt

14 des 2006 - 11:10

De plysje hat woansdei in 21-jierrige Stienzer oanhâlden dy't fertocht wurdt fan in oerfal yn in winkel oan de Langbuorren. De man kaam goed ien oere middeis de winkel yn mei in kapûsjon oer de holle. Under bedriging easke er de ynhâld fan de kassa.

In meiwurkster rûn nei bûten om help, mar nimmen reagearre. Nei't de oer- faller útnaaide warskôge se de plysje. Omdat se in goed sinjalemint jaan koe, hie de plysje de man gau te pakken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)