Stienzer 'mei Zidane-gedrach'

16 jul 2006 - 17:46

In 20-jierrige ynwenner fan Stiens hat sneontejûn in plysjeman in kopstjit jûn. De jongeman waard oanhâlden omdat er trochriden wie nei in oanriding.

Op 'e Wythústerwei by it doarp hie er in beam en in stik fan de brêgeleuning omriden. Tsjûgen seagen dat en bellen de plysje. De Stienzer hie nei alle gedachten tefolle dronken. De man hat de nacht yn de sel trochbrocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)