Stienzer (58) ferstoarn nei botsing yn Ljouwert

02 mrt 2015 - 13:00

By in ûngelok op de Morsewei yn Ljouwert is moandeitemoarn in 58-jierrige man út Stiens om it libben kaam. It slachtoffer botste om in oere as acht hinne op in frachtwein, dy't bestjoerd waard troch in 45-jierrige man út Menameradiel. De Stienzer rekke swier ferwûne en ferstoar letter op it plak fan it ûngelok.

De plysje docht ûndersyk nei de oarsaak fan it ûngelok.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)