Stiensers hannelje mei Kirgizië

23 feb 2006 - 11:53

Masinehannel Homburg fan Stiens hat in grutte oarder krigen út Kirgizië. It giet om in oarder fan goed 700.000 euro foar it leverjen fan masines dy't drainaazjebuizen skjinmeitsje kinne. In hege delegaasje út Kirgizië tekene woansdei de kontrakten yn Stiens.

Yn 2004 levere Homburg ek al drainaazjeapparatuer oan Kirgizië. Direkteur Johannes de Boer ferwachtet no mear opdrachten. Kirgizië leit yn sintraal-Azië.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)