Stienser stelt skuon

27 jan 2012 - 10:44

In 28-jierrige man út Stiens is tongersdei oanhâlden foar stellerij. Meiwurkers fan in winkel oan de Foarstreek yn Ljouwert betrapen de man op 'e die doe't hy mei in pear skuon nei bûten rûn sûnder te beteljen. Doe't hy bûten stie waard hy troch winkelmeiwurkers oanhâlden.

De fertochte fersette him en luts dêrby oan it hier fan ien fan de meiwurkers. Plysjes hawwe de man nei it plysjeburo brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)