Stiennen falle fan gevel fan Theater Sneek

28 nov 2015 - 23:24
  • De stiennen kamen fan de teatertoer

In stikje fan de gevel fan Theater Sneek is sneontejûn nei ûnderen kaam. In giet om in tal stiennen oan de achterkant fan de teatertoer. De brânwacht hat de omjouwing fuort ôfsetten. In boukundige fan de gemeente hat konstatearre dat der gjin direkt gefaar is. De foarstelling koe gewoan trochgean. Itselde jildt foar de oare foarstellings fan dit wykein.

Der is net ien ferwûne rekke. De gemeente hat hikken pleatst om de toer. Moandei sil in oannimmer ûndersyk dwaan nei de oarsaak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)