Stiennegoaier oppakt

09 aug 2007 - 10:14

In 15-jierrige jonge út Sigerswâld is tongersdeitemoarn betiid troch de plysje oanholden. Hy hie yn Bakkefean op de Foarwurkerwei mei stiennen goaid op in auto fan in 20-jierrige ynwenner fan Rinsumageast. Nei syn died naaide de jonge út de bosk yn.

De automobilist en syn byrider binne achter de jonge oan gien en koene him te pakken krije. Dêrnei is de fertochte oerdroegen oan de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)