Stienmurd byt 24 dowen dea

20 sep 2013 - 16:36

In stienmurd hat tongersdeitenacht yn Twizelerheide 24 dowen fan in postdowehâlder Hiekus Hiemstra deabiten. De man mist ek nochris sân fûgels. De murd hat dy meisleept it hok út. De dowehâlder mist no it grutste part fan syn kolleksje.

De 77-jierrige man is der bot mei oan, want it is de fraach oft er wer in nije kolleksje goeie fleaners opbouwe kin. By Hiemstra, al mear as 30 jier foarsitter fan de pleatslike doweferiening, wenje noch hast 40 dowemelkers yn de buert. Dy hâlde harren hert no fêst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)