Stien Sint Nyk komt werom

21 aug 2009 - 21:19

De Stien fan Doanjewerstâl sil foar tongersdei wer op it doarpsplein fan Sint Nyk stean. Dat hat pleatslik belang ôfpraten mei eigner Boonstra fan kafee De Hoeke.

Dy hat de stien koartlyn as protest mei in sjovel nei de Fegelinbosken brocht. De stien nimt tefolle romte yn op it terras fan it kafee. Ofpraat is dat stien wer ophelle wurdt. Hy mei no in pear meter ferpleatst wurde fan syn eardere stek om it terras wat grutter te meitsjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)