Stielen balke falt op sloper

30 jun 2011 - 10:58

In man dy't oan it slopen wie, hat woansdei yn Ljouwert in stielen balke op him krige. It ûngelok barde by in bedriuw oan de Harnzerstrjitwei. De sloper rekke ferwûne oan 'e foet en oan 'e hân. Yn de romte wie asbest. Dêrom moasten helpferlieners maskers op om it slachtoffer fersoargje te kinnen. De man is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De Arbeidsynspeksje ûndersiket hoe't de stielen balke nei ûnderen komme koe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)