Stichtingsbestjoer demisjonêr

26 jul 2013 - 19:50

It stichtingsbestjoer fan SC Hearrenfean stelt per direkt har sitten beskikber. Dat beslút is naam nei oanlieding fan it ûndersyksrapport fan de kommisje Vaessen-Koopmans nei de gong fan saken by de fuotbalklup. It stichtingsbestjoer sil demisjonêr oanbliuwe oant de trije nije leden beneamd wurde.

De nije trijekoppige ried fan kommissarissen sil de kommende moannen mei de ûndersykskommisje wurkje oan de nije organisaasjestruktuer. It advys is om in 'one-tier board' te foarmjen fan sân minsken dy't alle belangrike besluten nimt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)