Stichting Tsjil foar boekesuteljen opdoekt

30 mrt 2015 - 14:38
  • Deputearre De Vries mei de kroade by de doarren del yn 2014

De stichting Tsjil hâldt op te bestean. Tsjil waard in pear jier lyn oprjochte om Fryske boeken út te suteljen, nei't de sutelaksje fan it Fryske Boek ophâlden wie. Tsjil sutele earst yn trije doarpen, mar groeide nei tweintich.

It bestjoer fynt dat betelle krêften nedich binne foar de tarieding fan de sutelaksje, mar dêr is gjin jild foar. Dat sil der neffens de stichting op koarte termyn ek net komme. Dêrom hâlde se op mei suteljen en doeke se de stichting op.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)