Stichting set beswier tsjin festival dochs troch

26 maaie 2015 - 16:28
  • Promised Land

De stichting Groene Ster Duurzaam is goed te sprekken oer de rol fan de gemeente Ljouwert, as it giet om it festival Promised land fan ôfrûne pinksterwykein. Meiwurkers fan de gemeente hiene in iepen ear as omwenners fan it Griene Stjergebiet klachten hiene. De stichting is der wiis mei dat de gemeente goed sjoen hat nei maatregels om lûdsoerlêst foar te kommen. Sadwaande hat der hast gjin sprake west fan te folle leven.

Nettsjinsteande de goede berjochten, set de stichting de beswierproseduere tsjin it festival likegoed troch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)