Stichting Praamvaren krijt Pommeranten Priis Aed Levwerd

16 apr 2015 - 13:50

De Stichting Praamvaren Leeuwarden hat woansdei de Pommeranten Pries 2015 krigen fan de Ljouwerter Histoarykse Feriening Aed Levwerd. De oarkonde en spjelde wurde alle jierren útrikt oan in persoan of organisaasje dy't him ynset foar kultuer of histoarje. De Stichting Praamvaren Leeuwarden spilet in wichtige rol foar it toerisme yn Ljouwert.

It ôfrûne jier hawwe sa'n 20.000 minsken mei de pream troch Ljouwert west. De stichting hat 45 frijwilligers dy't harren foar it preamfarren ynsette.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)