Stichting Oan 'e dyk is op syk nei sponsors

23 des 2014 - 16:14
  • winterwaadrintocht

Stichting Oan 'e dyk hat noch 15.000 euro nedich om de tsjerke yn Peazens-Moddergat te keapjen. De stichting sit al sân jier yn it gebou, mar no wol de tsjerke fan it pân ôf. En dus is 48.000 euro nedich om it tsjerkje te keapjen. Yntusken hat de stichting 33.000 euro sammele fia provinsje en gemeente. De rest moat de stichting sels byelkoar krije.

Dêrfoar besykje se alle minsken dy't de ôfrûne sân jier by de stichting west ha, te berikken en te freegjen oft se in bydrage leverje wolle.

Alle jierren krijt de stichting Oan 'e dyk sa'n 2500 minsken op besite. Se organisearje waadrinnen en hyndertochten. Hjirmei wolle se de krimp yn it gebiet tsjingean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)