Stichting Anfean Achtkarspelen siket nij ûnderkommen

09 okt 2015 - 10:19

De gemeenteriedsfraksje fan de FNP yn Achtkarspelen wol fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders witte as dy de stichting Anfean helpt om in nij ûnderkommen te finen. De stichting sammelet guod yn foar minsken dy't kwalik jild hawwe en help nedich hawwe.

It giet ûnder oaren om klean, berneweinen en linnenguod. Dat wurdt opslein yn de âlde sporthal fan Koatstertille, mar fan 1 desimber ôf is dêr gjin plak mear. De FNP yn Achtkarspelen fynt dat Anfean earst in oar plak hawwe moat, foardat se út de âlde sporthal moatte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)