Stewards ynset foar skipfeart

02 jul 2013 - 16:11
  • Stewards by it skipfeartferkear

De provinsje Fryslân set spesjale wetterstewards yn om de skipfeart oer it Van Harinxmakanaal by de Swettebrêge yn Ljouwert yn goeie banen te lieden. Troch de oanlis fan in akwadukt kin de farrûte foar it skipferkear mar beheind brûkt wurde. De provinsje wol sa slimme ûngelokken tusken berops - en rekreaasjefeart foarkomme. Troch it wurk oan it nije akwadukt is nammentlik de helte fan it kanaal ôfsletten, wêrtroch foar de skipfeart noch mar ien farrûte iepen bliuwt.

Mear as 800 skippen moatte alle dagen wer troch de Swettebrêge om harren reis oer it Van Harinxmakanaal ferfolgje te kinnen. De spoarbrêge mei fanwege it treinferkear per kear mar seis minuten iepen. De wetterstewards ha de opdracht de skippen om beurten trochfarre te litten en gaos foar te kommen. De provinsje ferwachtet dat dizze situaasje noch oant ein septimber duorje sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)