Steward Cambuur oanhâlden

23 sep 2006 - 10:44

In steward fan Sportklub Cambuur is freed oanhâlden troch de plysje neidat er in supporter fan de klub yn it gesicht slein hie. It ynsident barde nei de útwedstriid tsjin Volendam.

In groep fan sa'n 30 supporters kaam ferhaal heljen nei it 3-0 ferlies. Yn de diskusje mei spilers en trener Roy Wesseling dy't folge, rûnen de emoasjes heech op. Ien fan de stewards koe him net behearskje en sloech in supporter. De plysje hat him meinaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)