Steven de Jong makket film oer it Peerd fan Ome Loeks

19 des 2015 - 09:53
  • Steven de Jong

Filmmakker Steven de Jong sil in film meitsje oer it Peerd van Ome Loeks, ien fan de symboalen fan de stêd Grins. De opnamen begjinne takom jier, it is noch net bekend mei hokker akteurs de film makke wurde sil. De film is ûnderdiel fan in trijelûk Noard, dêryn wurde trije ferhalen oer de trije noardlike provinsjes ferteld. Projekt Noard is in inisjatyf fan De Filmambassade.

Steven de Jong makke earder films as De Schippers van de Kameleon, Scheepsjongen van Bontekoe en De Hel fan '63.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)