Steuring yn nûmer Skarsterlân

03 des 2010 - 19:14

Troch in steuring is it gemeentehûs fan Skarsterlân op 'e Jouwer net berikber fia it gebrûklike, algemiene tillefoannûmer. Dat nûmer is troch de steuring tydlik bûten gebrûk, sa meldt de gemeente op syn webside.

De gemeente hopet dat de steuring yn de rin fan moandei wer oplost is. Minsken dy't de gemeente berikke wolle, kinne wol in oar tillefoannûmer fan de gemeente belje; dat fan de ôfdieling ynformaasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)