Steuring by UPC troch needwaar

11 jul 2010 - 14:22

Sechtich hûshâldings yn Oentsjerk hawwe de WK-finale net thús op tillevyzje sjen kind troch in steuring. Kabelmaatskippij UPC hie nei it needwaar fan sneontenacht lêst fan steurings op in grut tal plakken.

Snein oerdeis hiene UPC-klanten yn de hiele Trynwâlden gjin tv en tillefoan. Hast oeral wie it euvel foar de wedstryd ferholpen, mar de Oentsjerksters moasten útwike nei oare plakken of de wedstryd op kompjûterbylden sjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)