Steuring trein Ljouwert-Grins

23 okt 2009 - 11:52

It treinferkear tusken Ljouwert en Grins hat freedtemoarn flink wat lêst hân fan in stikkene kabel by Súdhorn yn Grinslân. Der waard op dat plak wurke oan it spoar. Fannacht om in oere as 4 waard doe de kabel fernield.

It meitsjen fan de kabel duorre oant kertier foar njoggenen ta. De treinen moasten by Súdhorn stadich ride. Dêrtroch rûn de fertraging op oant in heal oere. Ek foelen der guon treinen út tusken Ljouwert en Grins.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)