Steuring treft LC én FD

11 mrt 2009 - 15:48
  • De LC fan hjoed is folle letter by de lêzers

De Ljouwerter krante hie woansdei te krijen mei in technyske steuring. Dizze steuring soarge foar in fertraging fan in pear oeren. Fanwege in earnstige steuring by de drukparse moast in grut part fan 'e oplaach fan 'e krante by it Dagblad van het Noorden printe wurde yn Grins. De krante wurdt woansdei dêrom letter by de abonnees besoarge.

Itselde jildt foar it Frysk Deiblêd, want dizze krante wurdt mei buskes fan de Ljouwerter Krante ferspraat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)