Steuring T-Mobile op Flylân

10 jan 2012 - 17:47

Abonnees fan mobile tillefoanoanbieder T-Mobile op Flylân kinne al mear as in wike net belje. De ferbining fan de tillefoanmêst op it eilân mei de fêste wâl is ferbrutsen. In monteur fan T-Mobile koe foarige wike fanwege de stoarm pas op freed nei it eilân en doe die bliken dat er it goeie ark net by him hie. Woansdei reizgje twa monteurs nei Flylân om it euvel te ferhelpen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)