Steuring stopljochten: file

12 maaie 2011 - 10:18
  • Foto: Omrop Fryslân

Stikkene ferkearsljochten by Goutum hawwe tongersdeitemoarn foar files soarge. Ferkear op de A32 út de rjochting Grou dat Ljouwert yn woe, kaam fêst te sitten. Guon automobilisten moasten hiel lang wachtsje omdat it ferkearsljocht net op grien sprong. Yn guon gefallen rieden hiele kloften auto's foarsichtich dochs mar troch read. Oaren namen de Wâldwei.

Earder dizze wike wiene der ek al problemen mei de stopljochten by Goutum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)