Steuring spoarbrêge Akkrum hinderet treinferkear

22 jan 2015 - 12:24

It treinferkear tusken It Hearrenfean en Ljouwert leit stil fanwege in steuring oan de spoarbrêge by Akkrum. Neffens de NS kin de ekstra reistiid oprinne oant mear as in oere. Nei alle gedachten is de steuring tsjin twa oere tongersdeitemiddei oplost.

Yn it ferline soarge de spoarbrêge by Akkrum al folle faker foar oerlêst, om't der faak steurings wiene.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)