Steuring by spoarbrêge

24 jan 2006 - 09:35

Treinreizgers fan Ljouwert nei Starum en Harns ha moandei lest hân fan in steuring by de spoarbrêge oer it Van Harinxmakanaal. In pear oeren lang rieden gjin treinen op it trajekt.

It treinferkear fan Ljouwert nei Harns en Starum rûn de grutte fertraging op, omdat de treinen net oer de brêge koene. Dy wie yn earder dy moarns noch betsjinne, dêrnei ûntstie der in steuring. Reizgers waarden mei bussen ferfierd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)