Steuring NDC Mediagroep noch net oplost

31 aug 2015 - 13:38
  • NDC mediagroep

De steuring yn it kompjûtersysteem by de NDC Mediagroep is noch net oplost. Dêrtroch is it noch net dúdlik oft ûnder oare de Ljouwerter Krante en it Frysk Deiblêd moarn as folsleine krante ferskine kinne. It probleem sit him yn it systeem dêr de einredakteuren de pagina's yn opmeitsje.

Troch de steuring moasten ferslachjouwers snein de ferhalen op 'e nij meitsje en alles maile nei de einredaksje. Dy hat fia in oar systeem dochs noch ferskate krantepagina's meitsje kind.

Dat wurdt moandei ek wer dien. Hoelang't de steuring noch duorje sil, is net dúdlik. Eksperts út Denemarken en Amearika binne ynskeakele om de problemen op te lossen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)