Steuring by Ljouwerter Krante

13 nov 2006 - 14:07

De Ljouwerter Krante en it Frysk Deiblêd binne moandei oeren letter besoarge by de abonnees. Dat kaam troch problemen mei de parse fan de Ljouwerter Krante.

It Frysk Deiblêd is gewoan op de eigen parse printe, mar omdat dy krante yn de buskes fan de Ljouwerter Krante meigiet nei de besoargers, wie ek it FD folle letter by de abonnees. Troch de problemen kaam de Ljouwerter Krante ek mei minder edysjes as oars.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)