Steuring by KPN-voicemail

30 okt 2000 - 11:04

De helte fan alle KPN-klanten dy't gebrûk meitsje fan voicemail, hat sneontemiddei en sneontejûn gjin berjochten ôfharkje kinnen. Ien fan de twa voicemailmasines rekke stikken.

Wat de oarsaak wie, is net bekend. Neffens KPN hiene wol in miljoen klanten der lêst fan. Troch de steuring koene gjin berjochten ynsprutsen wurde. Om in oere of acht wie de steuring ferholpen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)