Steuring by Hjoed ferholpen, snein wer útstjoering

06 des 2015 - 16:34

De technyske problemen mei it televyzjesjoernaal Hjoed fan Omrop Fryslân binne oplost. Sneon wie it troch swierrichheden net mooglik om in útstjoering te meitsjen. Oarsaak wie in fideomontaazjesysteem dat stikken gien wie. Dêrfoar moasten nije skiven út Ingelân komme. Dy rekken wei yn it transport.

Mei man en macht is deroan wurke om de problemen te ferhelpen. Sneintemiddei wie it úteinlik klear en dêrom is der sneintejûn dochs wer in Hjoed.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)