Steuring by gasstasjon Eanjum

26 okt 2002 - 00:00

It gasbehannelingsstasjon by Eanjum is freed troffen troch in stroomsteuring. De kleppen waarden yn de feilige stân set. Alle gas yn de ynstallaasje waard ôffakkele. Dat soarge foar hege flammen. De needproseduere by it útfallen fan stroom is folge.

De plysje krige in soad meldingen oer de flammen. De ynstallaasje is sneon wer gewoan yn it wurk set.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)