Problemen by Drachtsterbrêge troch ferkearde skeakeler

06 jan 2015 - 19:20

Troch in ferkeard ôfstelde skeakeler hat der tiisdeitejûn ferkearsoerlêst west by de Drachtsterbrêge yn Ljouwert. Om 19.00 oere hinne woene de slachbomen net mear omheech. De brêge sels wie wol ticht. De plysje regele it ferkear en in monteur hat de steuring wer ferholpen.

Om 21.00 oere hinne koe it ferkear wer gewoan oer de brêge ride.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)