Steuring Drachtsterbrêge

09 jul 2014 - 17:08

It ferkear yn Ljouwert is op it stuit noch in chaos troch in steuring by de Drachtsterbrêge fan 'e middei. De steuring is al ferholpen, mar it ferkear komt noch net hielendal op gong. De gemeente Ljouwert riedt automobilisten, dy't fan de Hemrik ôf de sted út rjochting It Hearenfean/Drachten ride, oan om oer de Vondelingswei te riden en dan oer de Van Harinxmabrêgen de stêd út te riden.

Ek it ferkear fan Ljouwert-West rjochting Drachten moat oer de Van Harinxmabrêgen ride om de stêd út te kommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)