Steuring Drachtsterbrêge

16 apr 2014 - 13:21
  • Ferkearsboerd

Ferkear dat woansdei tusken de middei oer de Drachtsterbrêge Ljouwert yn woe, hie te krijen mei opûnthâld. Troch in technyske steuring woe de brêge net mear ticht. De brêgewachter fan de Van Harinxmabrêge by Goutum, dy't ek de Drachtsterbrêge betsjinnet, moast doe op de fyts nei de brêge ta. Hy hat dêr de elektroanika reset. Dêrmei wie it mankemint ferholpen en koe de brêge wer nei ûnderen. De ferkearshinder hat sa'n tweintich minuten duorre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)