Steuring by de plysje

03 maaie 2011 - 09:28

It lanlike plysjenûmer 0900-8844 is sûnt moandeitejûn yn Fryslân, Grinslân en Drinte min te besetten. It is neffens in wurdfierder net mooglik of dreech om kontakt te krijen. Dat hat te krijen mei in technyske steuring yn de sintrale yn Grins.

Der wurdt hurd oan wurke om de steuring te ferhelpen. De plysje ferwachtet dat it probleem yn de rin fan tiisdeitemoarn oplost is. It nûmer 112 is wol berikber.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)