Steuring Burgum wie slitaazje

18 jan 2006 - 10:16

De steuring yn de sintrale fan Electrabel yn Burgum, yn desimber, is ûntstien troch slitaazje. Dat is dúdlik wurden út ûndersyk. De sintrale waard yn desimber daliks stillein nei't der in wetterlieding knapt wie. Ien wurknimmer rekke licht ferwûne.

De tsjettel hat mei inoar trije wiken bûten bedriuw west. Yn dy tiid is de stikkene lieding ferfongen en binne soartgelikense liedingen ûndersocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)