Steur ferhierd oan Excelsior

24 maaie 2006 - 21:15

Sebastiaan Steur fan SC Hearrenfean wurdt foar ien seizoen ferhierd oan Excelsior út Rotterdam. De 22-jierrige oanfaller kaam in jier lyn oer fan FC Volendam.

Oant no ta koe er trener Gert Jan Verbeek lykwols net oertsjûgje. Op It Hearrenfean kaam er net fierder as trije ynfalbeurten. Steur spile earder trije jier foar Volendam. Excelsior promovearre dit jier nei de earedivyzje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)