Steunkousen elektrysk útlûke

15 des 2005 - 08:17

Alderen yn Fryslân krije it in stik makliker. Se hoege har tenei net mear yn bochten te wringen om har steunhoazzen út te dwaan of dêrfoar help te freegjen oan fersoargers. Der is no in apparaat dat de strakke hoazzen útlûke kin.

De elektryske hoazzelûker is op proef by acht kliïnten fan thússoarch De Friese Wouden delset. It is earst even wat wenne mei de hannelingen, dêrom krije de kliïnten in trening.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)