Stertil nimt bedriuwen oer

21 aug 2008 - 11:31

It bedriuw Stertil út Koatstertille hat de ôfrûne tiid in tal bedriuwen yn Amearika oernaam. Stertil hat dat dien mei it each op de lege dollar. De eksport fan hjirmakke produkten nei Amearika smyt dêrtroch hieltyd minder op. Troch de produkten yn Amearika sels te meitsjen wol Stertil dêr feroaring yn bringe.

It bedriuw hat troch de oername ek minder konkurrinten oerholden. De oername hat gjin gefolgen foar it persoaniel hjir.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)