Sterker Harkema wint net

31 aug 2010 - 23:13

Harkemase Boys is der net yn slagge om de twadde thúswedstriid tsjin Flevo Boys te winnen (1-2).

Al nei acht minuten kaam de thúsploech op 1-0 troch in doelpunt fan Oebele Schokker. Dêrnei wiene der fjouwer riante mooglikheden om de skoare út te wreidzjen. Dat barde net en troch in doelpunt fan Spaan stie it by it skoft 1-1. It kantelpunt yn de wedstriid wie de reade kaart fan doelman Jacob de Vries yn de 55-ste minút. Trije minuten foar de ein foel de 1-2.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)