Sterke taname fan sinneparken yn Fryslân ferwachte

09 sep 2015 - 13:23
  • Sinnepanielen

Oer fiif jier binne der yn Fryslân mooglik 100 grutte sinneparken: parken mei mear as tsientûzen sinnepanielen. Dy ferwachting sprekt provinsjaal enerzjy-ekspert Bouwe de Boer út.

Troch in finansjeel geunstige subsydzjeregeling, dy't pas sûnt foarich jier jildt, dûke bedriuwen en gemeenten massaal yn it gat fan grutskalige sinne-enerzjy. Dat sil foaral tapast wurde op leechsteande bedriuweterreinen, dy't no in soad jild kostje. Troch de geunstige sinne-enerzjyregeling kin dêr dochs noch wat op fertsjinne wurde.

Ein foarich jier wiene der al 240 oanfragen út Fryslân honorearre en healwei takom jier kin op 'e nij ynskreaun wurde foar in subsydzjeregeling. It kommend healjier wurde al fjouwer grutte sinneparken by Ljouwert ûntwikkele, trije yn Eaststellingwerf en ûntsteane der parken op It Amelân en by Garyp.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)